Eernsum yn 1832 - de Kadastrale Atlas |
Wy sille it hjir hawwe oer Jirnsum/Eernsum sa as it doarp foarkomt yn de Kadastrale Atlas fan Fryslān (1832) diel 6 Raarderhim en Utingeradiel; in śtjefte fan'e Fryske Akademy (1993). It yn 1832 ta stān kommen kadaster hat twa haaddoelen: 1. It leverjen fan it betroubere grūnslach foar it heffen fan grūnbelźsting; 2. Tsjinjen fan de rjochtswissichheid oangeande ūnreplik guod. De wichtichste boarnen yn'e Atlas binne foar śs in kaart, titele Section C te Eernsum en in dźrby hearrende list Rauwerd C. Op'e kaart binne alle - 526 - perselen oanjūn. It doarpsgebiet fan Jirnsum is 535 hektare grut. |
It grūngebiet (de doarpskrite) fan Jirnsum wurdt begrinzge troch de Boarn, de Nije Wjittering, de Sālte Grźft, de Brekken, de Flānsumer Feart en it doarpsgebiet fan Raerd. Wat opfalt is dat de Lekmar by
Abbenwier net by Jirnsum heart, mar rekkene wurdt ta it doarpsgebiet fan Tersoal. Op'e list (Rauwerd C) hawwe alle perselen in nūmer en dźrfan binne bekend de eigeners en fruchtbrūkers - alteast as hja ien en deselde binne - en harren berop en wenplak. Boppedat is it soarte gebrūk fan'e perselen oanjūn en de grutte fan elts stik yn kante meters. |
Fan'e lāneigeners dy't yn Jirnsum wenje, wurde de folgjende beroppen neamd: skipper (Bartle Meintes Hoekstra en Jappe Gerkes Hinxt), weinmakker (Wiebe Jentjes Larooy), skuonmakker (Feie Piers Nijdam en widdo Dirk Pieters Grouw), kūper (Johannes Gjalts Cuperus) en dan is der noch Fokke Kuipers mei lān yn Jirnsum, hy wennet lykwols yn Berltsum. Wy geanne fierder mei de list fan beroppen: timmerman (Jitse Jan Schaafsma, Johannes Jans de Rijk en Klaas Klazes Timmerman), slachter (Rintje Siebrens Uilkema), arbeider (Jetske Lieuwes Postma), winkelier (Ruurd Jans van der Berg, widdo Sybren Klazes Sijbranda), komelker (Harmen Jelles Vollema), kastelein(ske) (Jan Tjalling Jorna, Tjamke Meinderts Smids, wenjend oan'e Dille, en Meindert Peekema fan'e Jirnsumersyl), houtseachmūnder (Bouwe Broers de Boer), bakker (widdo Sibke Jelles van Teerms), keapman (Schaap, Sake Jans Jansen, Tjalling Wiebes Hoekstra, Wiebe Boukes Feenstra, Berend Johannes Ongle en Evert Sjoerds Hoekstra). |
Lānbesitters en tagelyk boer yn Jirnsum yn 1832 wiene: erven Dirk Annes Klaver, Jorrit Broers de Boer, Jan Tsjerks Fokma, Douwe Tsjerks Oudema, widdo en erven Gerben Foppes Bergsma, Johannes Reins
Wigglema, Jan Ruurds Lantema, erven Ruurd Jans Lantema en widdo Fokke Joues Dijkstra. Dan wiene der ek noch boeren śt oare doarpen dy't lānbesit yn Jirnsum hiene: Klaas Durks Harinxma en Eesge Sjoukes Boonstra fan
Poppenwier, Doeke Thomas Dotinga fan Raerd, Gerben Douwes Dorhout en Klaas Cornelis Nijdam fan Akkrum en Murk Johannes Bottema fan Aldeboarn. |
In grutgrūnbesitter yn'e Jirnsumer krite wie Tjalling Aedo Johan van Eijsinga mei 63 stikken lān. Hy wenne as grytman op Jongema State te Raerd en yn it Eijsinga-hūs (no it Frysk Museum) te Ljouwert. Ek in soad lān (16 stikken) yn'e Jirnsumer kontreien hie Julius van Burmania van Andringa de Kempenaar fan de Lemmer. Ek militźren hiene lānbesit yn Jirnsum, te witten Frederik Willem Graaf van Limburg Stirum śt Den Bosch en Christoffer Bernhard Julius Baron van Schartz te Ljouwert. Ryk wie de 'Gereformeerde' tsjerke fan Jirnsum: it lānbesit omfette doe 60 stikken. De diakonij fan'e 'Gereformeerde' tsjerke fan Jirnsum, mar ek dy fan Ljouwert, wiene lāneigener yn Jirnsum. De Katolike tsjerke is eigener fan in 'steegje als erf', fan in tśn, fan trije huzen mei blikke, fan in stege, fan in tsjerke en fan in pastorij. Yn'e Jirnsumer krite steane 16 wettermūnen ('watermolen en erf') op'e list. Yn'e buurt fan'e Jirnsumer Syl stiet yn 1832 in tolhśs. Dizze kadasterlist is net alhiel kompleet, want fan guon minsken wurdt it berop net neamd. Der binne te folle nammen om allegearre 'sūnder berop' wźze te kinnen. Der komme ek inkelde nammen op'e kadasterlist foar dy't wy hjoed de dei ek noch in Jirnsum hawwe, bygelyks de namme Van Balen. |
Geschreven door H. Kiestra en gepubliceerd in De Stim fan Jim. |
www.irnsum.nl : de website over de dorpshistorie van Jirnsum |