Terug naar hoofdstuk    Naar homepage

De âlde bûterfabryk - gedicht door G. Palma

Dou âlde Jirnsumer bûterfabryk, bist wol âld, mar noch geef as kryt.
Noch net sa mâlle lang forline, moast de fabrykspiip al fordwine.
Nou hat it gemeentebestjûr bisletten, de âlde Jirnsumer bûterfabryk ôf to brekken.
En fjirders noch bisletten, op dit plak nije wenten del to setten.
Al stiest hjir sa'n hûndert jier, brochst for ús doarp follo fortier.
Straks moast út ús doarp fordwine, nea sil de sinne der wer op dy skine.
It sil wol net oars kinne, wy moatte hjir mar oan wenne.
Mar dyn byld sil net forgean, sa bliuwst foar ús doarp Jirnsum bistean.


Gezicht op Irnsum met de fabrieksschoorsteen
Yn dy tiid wie hjir de Flânsumerfeart tige yn tel, dêr kaem Jurjen Mous elke dei mei syn molkskou del.
Jurjen Mous, in man tige mâns, kaem der deis twa kear lâns.
Hy luts him somtiids oan dy molkskou bryk, sa kaem de Flânsumer molke oan de Jirnsumer bûterfabryk.
Ek molkeweinen en oare molkefaerders brochten dêr de molke oan, oan dy fabryk, dy't dêr sa smûk lei, tusken de Rykswei en de Boarn.

Sint v/d Wal kaem dêr moarns ek al ier, en wie al gau mei syn molkkarre yn't spier.
Hy folde de bussen mei molke en brij, dit bistimd foar de Jirnsumer burgerij.
Hy ried syn molkkarre oer de fabryksbarte nei de dyk, en sutele syn waer út oan earm en ryk.
Sa gong Sint elke dei mei syn molkkarre by de doarren lâns, foar de Jirnsumer bûterfabryk in goeije stimulâns.

It like allegearre sa tige skoan, mei de bûterfabryk dêr oan de âlde kromme Boarn.
Mar inkele jierren letter, waerd it al net better.
Hwant in skoft dernei kaem de bûterfabryk dêr stop, foar it wurkfolk en doarpke Jirnsum in greate strop.
Lokkich koe it greatste part wurkfolk mei oergean, nei de bûterfabryk dêr yn de Legean.
It measte wurkfolk hat dat ek dien, en binne yn Sibrandabuorren wenjen gien.
Mar ta eintsje bislút, hat de bûterfabryk foargoed de piip út.
Sa kaem in ein oan dizze fabryk syn bistean, ek de measte boeren binne mei oergien, nei de bûterfabryk yn de Legean.
Wy witte it noch klear, de Jirnsumer bûterfabryk bistiet net mear.

Jirnsum, maeije 1981. G. Palma
(uit "De Stim fan Jim" augustus 1997)

Naar boven
www.irnsum.nl : de website over de dorpshistorie van Jirnsum