Terug naar hoofdstuk    Naar homepage

Jirnsum - út de rige âlde doarpsgesichten

Doe't wy op it Frysk Muséum de plaetsjes foar ús rige útsochten, biretten wy ús net lang oer de fraech, oft wy dizze tekening fan Ids Wiersma nimme soene of net. Hy is noch wol net sa âld as de oaren yn dit boekje, miskien noch net ienris fjirtich jier, mar hy is sà moai en karakteristyk foar it doarp yn dy dagen, dat wy der sa mar oerhinne stapten.

Tekening door Ids Wiersma
It is lykwols dochs noch in stik histoarje, hwant it byld mei de tsjalken yn'e Boarn is forline tiid. De greate skipfeart fan Amsterdam nei Grins v.v. lit n.l. it doarp lizze, sûnt it Prinses Margriet-kanael fan'e Aldskou nei de Pikmar groeven is. Hwat in kostlik toanieltsje hat de kunstner Ids Wiersma hjir op fêstlein. Mei romme wyn sile de tsjalken, it greatseil yn'e gei, de kant nei de Jirnsumer syl út. Lofts leit it doarp, der't de piip fan it suvelfabryk en de toer fan'e Roomske tjserke boppe-út stekke. Rjochts liket it wol keal lân, mar hokker Jirnsumer wit net, dat dêr de Leppedyk op lâns leit, ien fan de âlde wetterkearingen bylâns de Boarn, dy forneamde rivier fan alear, dy't in eintsje binoarden it gea de Mûsel lâns yn'e Middelsé utroun?

De dyk is folle âlder as de streek huzen dy't wy sjogge. Dy binne der pas yn letter ieuwen boud, doe't de Tsjerkebuorren sintrum ôf waerd en der efter dizze streek, tagelyk mei de Leppedyk in dyk oanlein waerd om oan'e westkant fan'e Boarn de rivier oan bannen te lizzen en de Raerderhim te biskermjen. De dyk stiet sûnt de midsieuwen bikend as de Himdyk en dy bigoun al by Raerd, om krekter to sizzen, noch gâns fierder nei it suden ta. De Grienedyk by de Wjittering lâns, pleatselik Hearenborch, soarge foar de bifeiliging fan'e Him de kant út nei it westen ta.

Beschilderde panelen uit de oude Pybinga state

Pybinga State rond 1800, rechts
de oude dorpskerk op de terp
Sa ticht by de Middelsé kin men fan tinken wol hawwe, dat dy Boarn in gefaerlike klant foar de biwenners wie. Foàr de 11e ieu, doe't de trije boppeneamde wetterwarringen sa likernôch oanlein binne, lei de hiele streek by de Boarn iepen foar eb en floed. Dat hat de minske lykwols net wjerhâlden om him dêr to festigjen. By it bigjin fan ús jiertelling wennen hjir al minsken. Dat blykt út de terpen, dy't hjir en yn'e omkriten lein hawwe en de fynsten dy der dien binne. Ik neam b.n. de terp efkes biwesten de eardere Himdyk, nou de greate strjitwei Ljouwert-Swol. Der stie sunt de midsieuwen de doarpstsjerke op en inkelde huzen. De âlde tsjerke wie in monumint, mar fan de nije kin men dat net sizze. Mar doe't it doarp bigoun wie him nei de dyk en de Boarn to forlizzen, doe kaem de tsjerke apart to stean en is er, o grauwe griis, ôfbrutsen en yn'e rige by de strjitwie lâns set en doe hawwe de Jirnsumers in minne ruil dien. Op ien fan myn lêzingen yn it doarp stie as stik fan oertsjûging in âld boerd, mei it skilderij fan'e tsjerke -mei-stompe-toer- en in pleats der op. Soene de Jirnsumers der net ris in aensicht fan meitsje kinne en yn'e hannel bringe?

Jirnsum hat in machtich stik histoarje, hat my bliken dien. Syn lizzing wie ek nèi de terpe- en diketiid fan greate bitsjutting. Yn'e reboeljes fan'e Skieringers- en Fetkeapers-tiid kin men mei rjocht en reden prate fan stratégysk. Ommers, de farwei fan Ljouwert nei de Snitsermar en fierder de Súdwesthoeke yn (Teakesyl as einpunt) roun hjir lâns en de beide lânwegen, de boppeneamde Leppedyk en Himdyk fan noard en súd, rounen der by lâns of der troch.

Hwa't yn'e reboeljes fan Skieringers en Fetkeapers en letter, dizze wegen kontrolearre, wie yn steat it hiele forkear to foet, to pearde en mei't skip to bihearskjen. Dêrfandinne, dat Jirnsum dan ek in bloedige bydrage jown hat yn'e striid om dy wegen. Noch tsjûgje de nammen fan stinzen as Douma*, Ludringa* en fierder op by Akkrum, fan dy tiid.


Irnsum in de eerste helft van de 19e eeuw

Oude vondsten bij boerderij van Hokwerda

By graverijen by de âlde Leppedyk foun men in midieusk ruterspoar en mannich skelet. Sels yn'e Dútske tiid wie de brêge fan Aldskou noch fan stratégyske bitsjutting en hwa-Jirnsumer fan dy tiid wit noch net, dat troch it fornielen fan de brêge troch de Dútskers it Kanadeeske leger inkelde ûren opholden waerd?

door Oepke Santema, maart 1962 gepubliceerd in maandblad "Bolwerk" en in het boek: "Alde doarpsgesichten II" dat werd uitgegeven in 1971.

Foto: Resultaat van opgraving ca. 1956 bij Oudeschouw, o.l.v. de heer Santema.


* Douma: bij Irnsumerzijl, richting Friens. Ludringa: tegenover de Wijde Steeg, aan de Boorn.

Naar boven
www.irnsum.nl : de website over de dorpshistorie van Jirnsum