Irnsum in de literatuur

Hieronder vindt u mijn verzameling korte fragmenten uit (Friese) boeken waarin de plaatsnaam Irnsum of Jirnsum wordt genoemd.
Help mee! Stuur uw aanvullingen naar historie @ irnsum.nl

“Flânsum – Geschiedenis en herinnering” door Sjoke Brunia-de Wolff
Uitgave in eigen beheer, 2015, 140 pagina’s, blz. 43

(Jeugdherinneringen van de auteur, die in Flansum woonde)
In de herfst en de winter gingen we lopend door het land naar de lagere school in Jirnsum. Voor dat we op weg gingen was er eerst nog het ritueel van de beker warme melk die opgedronken moest worden. Vette boerderijmelk waar zich altijd weer zo’n vel op vormde, wat zorgvuldig op de rand werd geplakt. Daarnaast ook het ochtendgebed wat geknield voor de stoel samen gebeden moest worden. Het patroon van de kokosmat zat halverwege Jirnsum nog steeds in je knieën.

“Famke famke” door Ale S. van Zandbergen
ISBN 978-9492-457-080, uitgave 2017, blz.

Ik haw ris allinnich yn in swimbad lein, wol in kertier… wa sei dat? In broer fan Nanne, ja, Omke Andrys. Op sa’n kutjierdei, yn Hirnsum by Andrys en Baukje yn harren reiddekte filla, doe’t Nanne en mem noch byinoar wienen. Byinoar op sûpe, swetse en beare. Dat wie dochs wol sa’n ûnderfining. Boeie.
(De in dit boek genoemde dorpen hebben fantasienamen. Met Hirnsum verwijst de auteur naar Irnsum, zoals hij mij persoonlijk meedeelde).

“Littenser merke” door Ale S. van Zandbergen
ISBN 978-90-330-0422-3, uitgave 2013, blz. 156

(Een stukje stadsfries waarin een “merkeman” aan het woord is)
Nee, dan kin Frederik wel skreewe dat wy nyt mear in Littens komme… Weetst wat ut is, hy wurdt te oud foor dit werk, ut komt op ‘e bealch an. Kanst nagaan, ik bin oek noch twee jaar ouwer as hem. We binne nyt allemaal gelyk, Liuwe. Kyk, as wy nyt mear in Littens draaie, draaie we oek niet meer in Húns, in Mangtum nyt, Oasterwierrum nyt, Irnsum nyt, Raerd nyt en noem al dy plakken mar op, want ik sal dy krekt segge su as it is, dan is oanze kermis voorbij.

“Oer Twa Brêgen” door Bonne Speerstra
ISBN: geen nummer, uitgave 2013, eigen beheer, blz. 31

Sawol by omke Klaas as by ús waard faak fiske. Der siet in soad iel yn de Grau by Jirnsum mar ek yn de opfeart en Bloedfeart by Ymswâlde. Wy fisken meast my wjirmen. Dy fûnen de ieltsjes like lekker as wy de stoofde ieltsjes.

“Wat it is om bang te wêzen” door Sipke de Schiffart
ISBN 978-90-330-0351-6, uitgave 2012, blz. 9

(Fragment uit het titelverhaal van een bundel met korte verhalen)
Hjoed troude Reidske, Oepke syn iennige suster, trijentweintich jier noch mar. De suster fan Oepke wie in tige boargerlik famke, dat sa gau mooglik it hús út gien wie om selsstannich te wurden. Dat se noch gjin jier letter troch de relaasje mei Riemer fan ‘e finne yn ‘e jister kaam, hie se doe net yn ‘e rekken. In pear jier hie se ferkearing hân mei Riemer, dy’t se ris troffen hie by in konsert fan de Havenzangers yn Jirnsum. In healjier lyn hiene se harren ferloofd en hjoed wiene se troud. Reidske woe bern en Riemer jild.

“De Blauwe Seilbokse” door Berber Santema
ISBN 978-90-8954-352-3, uitgave 2011, blz. 273/274

(Kroniek van een curieus gezelschap dat het Frysk Boerekwartetspul uitbracht)
De Leeuwarder Courant plaatst in 1989 onder het opschrift Hjerst yn it fjild een grote foto van een boer in Jirnsum die met een lange haak de waterplanten uit de sloot haalt. Het onderschrift luidt: It liket in byld út it Frysk Boerekwartetspul: in boer dy’t noch sels mei de hân de sleatten heakkelt. Eartiids wie dat hiel gewoan, mar hoefolle boeren soene hjoeddedei noch in snijseine, bûgel, skelmseine, heakkel of slothouwer yn it arkhok stean hawwe? Ien tillefoantsje, en it leanbedriuw rêdt him der mei. Sa giet dat tsjintwurdich, útsein dan yn Jirnsum. In byld fan Fryslân sa’t it eartiids hjerstmis wie.

“Reboelje yn Kollumerlân” door Rommert Tjeerdsma
ISBN 978-90-330-0912-9, uitgave 2010, blz. 111

(Historische roman over de Franse tijd, waarin Eabele Keuning een belangrijk man wordt)
‘Hjir hat hjoed in man om dy west,’ seit se dan, ‘hy neamde him sels Ament, in aparte namme, hasto kunde oan dy man?’ ‘Jawis, ik ken Harmen Ament hiel goed, ik sit mei him yn de kommisje. Hat er ek sein wat er woe?’ ‘Dat hat er. Hy wol sa gau mooglik mei dy nei Jirnsum. It skynt dat dêr in sekretaris fan it ‘commitee van waakzaamheid’ is dy’t it yn ‘e kant set. Hy wegeret om de loyaliteitsferklearring te ûndertekenjen. De nederrjochters dêre hâlde him de hân boppe de holle en ferpoffe it om him te ûntslaan. Hy wol dêr mei dy hinne om rjochtdei te hâlden.’

“It wrede paradys – it ferfolch” door Hylke Speerstra
ISBN 978-90-5615-238-34, uitgave 2010, blz. 381

(Over een arbeidersgezin dat in 1910 naar Duitsland emigreerde en tegen het einde van de eerste wereldoorlog terugkeerde naar Friesland)
Mei’t heit him by de boer ûnder Raerd bestelde, ferfearen wy dêrhinne. It sil yn dy snuorje west ha dat der op in sneontejûn in mynhear oer de flier kaam dy’t wakker ferstân fan jild hie. In persoan dy’t yn Jirnsum ek op in goede namme lei. De man syn goede ried waard opfolge: de yn Dútslân bewrotten sinten waarden yn in ynternasjonaal fûns mei in yndrukwekkende namme belein.
De man hie de moed en kom werom. As in soarte fan leedomsizzer. Dat wie in jiermannich letter. Koartom, de bank fallyt en it jild fuort. De hat foar heit en mem in grutte slach west, ik fiel noch hoe’t neitiid it near oer de húshâlding lei. It wiene net allinne de sinten dy’t wei wiene, de beleanning foar sân jier striid en ballingskip wie nei de bliksem.

“It wrede paradys – it ferfolch” door Hylke Speerstra
ISBN 978-90-5615-238-34, uitgave 2010, blz. 532

(Uit het levensverhaal van een meisje uit Irnsum, dat naar Australië emigreerde. Dit fragment speelde zich af in 1925)
Se is wer oan de oare kant fan de wrâld, wer de boerefaam fan tolve jier: “Ik waard foar it earst ûngesteld doe’t ik dy maitiids op it Suorein tusken Grou en Jirnsum siet te melken. Wat bart der mei my? Ik wurke op pleatsen op Flânsum, Ingwert ûnder Poppenwier, op Meskenwier, en kin net sizze dat ik dêr wrede boeren en lêbige boerinnen troffen ha. Mar ja, bist tolve jier en moarns om healwie fiven siet ik op it Suorein ûnder de kij. Myn lichem bliede, ik wie sa aaklik, dat ik sei it tsjin de fêste arbeider. ‘It binne de regels,’ sei er earnstich. ‘Wês mar bliid datst de regels al hast, it betsjut datst skielk in hûshâlding krije silst.’

“Lytse histoarje fan langst” door Bennie Huisman
ISBN 978-90-6373-843-4, uitgave 2010, blz. 115

(Fragment uit een gesprek tussen een dochter en haar vader)
Der falt wer in lange stilte. Se ride Akkrum foarby. En de ‘earewurdfraach’is noch altyd net beantwurde.
By Grou is de stilte pynlik wurden. Hy draait de dyk op rjochting Jirnsum, skoot de auto nei in kilometer in parkearplak op neist it wetter fan de Grou en set de motor út. Hanna sjocht nei him op, se sit tsjin it gûlen oan.
‘Ik wol graach wat tsjin dy sizze’, begjint er. ‘Allerearst: do meist my altyd alles freegje, dêr hoechst dy noait ferfelend oer te fielen. Ik woe wol dat ik op alles in antwurd jaan koe, mar dat is net sa’.

“Werom nei Grou” door Ulke Brolsma
ISBN 978-90-56150206-2, uitgave 2009, blz. 49, 90 en 110

(Naar aanleiding van de opening van de nieuwe school in Grouw)
“Ik wit de iepening noch. It feest, de muzyk, de bobo’s. Ik bin der net echt by west om’t ik yn de kunde kommen wie mei in sjauffeur. De man siet op de bustsjinst nei Ljouwert of Jirnsum hinne en werom. Mei dy man mocht ik eintsjes mei ride. Hy efter it stjoer en ik der deun neist. Dat fûn ik sa geweldich. Mar noch mear dat er my as in folwoeksene behannele. Dat wie nij.”

(Over het maken van de Frisia, de krant van Grouw)
“Yn de drukkerij -mei fjouwer man personiel- wie it tongersdei Frisiadei. De stikken fan ús heit, fan my, myn broer en korresponditen út Grou, Reduzum, Jirnsum, Warten en Wergea kamen dy tongersdeis allgeare foar it ljocht. Mar earst hie ús mem mei in reade ballpoint alles op it rjochte spoar brocht: de korreksje. Der ûntkaam har net in protte.”

(Met de bus kwamen de kinderen terug van zwemles in Leeuwarden)
“Dan fris werom nei Grou. Oer de Ryksstrjitwei nei Reduzum en Jirnsum. Mar foar’t wy it krúspunt by Jirnsum hellen… dat gie net altyd fansels. Palstra wie bytiden in brimstich man. Hy koe net sa’n protte ha. Foaral net fan bern, dy hiene o sa’n wille. Der waard praat, tjirge, roppen, lake. It fleach him oan. Ynienen sette er de bus stil op de Ryksstrjitwei. Blokkeare gâns it ferkear fan de Fryske haadstêd nei de wrâld. It koe him neat skele. No moast it wêze. Hy kaam oerein, Pollo. De mule gie iepen en dan: ‘As jimme G.V.D. jim de bek net hâlde ryd ik net fierder’. It wie stil. Hiel efkes.”

“De kâlde krústocht” door Hylke Speerstra
ISBN 978-90-5615-210-9, uitgave 2009, blz. 10

(Over de elfstedentocht van december 1902)
De boer lêst út de krante foar ‘dat weder enige malen kan worden medegedeeld dat door mannelijke schaatsenrijders de elf Friesche steden op één dag werden bezocht. Thans echter hebben wij van gelijken tocht op het ijs door leden van het zoogenaamde zwakke geslacht melding te maken. Die tocht geschiedde gisteren door de echtgenooten van de heeren H.S. Hoekstra van Irnsum en K.C. Reitsma IJzn. van Leeuwarden, in gezelschap van hare mannen.’

“Eeltsje en ik” door Bennie Huisman
ISBN 978-90-5998-052-5, uitgave 2008, blz. 9, 10 en 12

(In maart 1858 gaat Eeltje Halbertsma terug naar Grouw om er te sterven)
Sa lit Eeltsje dan Ljouwert achter him en giet er foar it lêst op wei nei Grou, dat er krap in jier earder dochs wat ûntflechte wie. Krekt foar Jirnsum draait de figilante sa’n fjouwer oeren letter de Reinersdyk op nei Grou ta. Dit lêste ein is foar him in paad for oantinkens. Al foar syn berte hienen de fuotpaden troch it lân plak makke foar in oanleine dyk, dy’t heger lei as it sompige lân dêr omhinne en sa krige it skiereilân Grou in bettere ferbining mei de rest fan de wrâld.

Grou lei doe werklik ‘oan it fuottenein’. De trije kilometer dyk tusken Jirnsumerhoeke en de earste huzen fan Grou wie doe in leech gebiet dêr’t in hânfol pleatsen it ienichste wie dat útstuts boppe de sompige greiden, dy’t winterdeis meast ûnderstrûpten en útsoartte troch de hegere weterstân mear ‘fersonken’ leinen. Ek de ophege dyk wie dan meast ûnbegeanber en de brieven út Grou wei dogge dêr geregeld ferslach fan. Doe, yn 1858, koe Eeltsje út de figilante wei al fan de rykswei ôf de toer fan de St. Piter sjen.

(In 1809 vertrok toen 12 jarige Halbertsma voor studie naar Leeuwarden)
Grif reizige er mei omke Eeltsje Binnerts, in broer fan syn mem, dy’t foar de bûterhannel alle wiken nei Ljouwert gie. Faak earst te foet nei Jirnsumersyl, dêr’t de famylje by de herberch in sjees stald hie en sa fierder. It wie it begjin fan in libbenslange ebbe en floed fan fuortgean en weromkommen yn Grou.

“Op redens oer” door Hylke Speerstra (eerste druk: 1984)
ISBN 978-90-5615-182-9, uitgave 2008, blz. 61, 64 en 249

In de strenge winter van 1917 gingen drie mannen op de fiets van Nij Beets naar Heerenveen. Ze wilden er op de trein stappen, doch die kwam niet omdat hij was vastgelopen in de sneeuw: ‘Wij ha de dei noch foar ús,’ fûn Marten, ‘wy fytse troch nei Ljouwert. Dêr is altyd in trein dy’t op Grinslân oan giet.’ Wy krigen de east-noardeaster no skean fan foaren. Oan’e oare kant Jirnsum krige Roel Bus in ynsinking. Hy moast fierderoan by ús yn’e lyte bliuwe en koe gjin kopwurk mear dwaan. Op’t Ljouwerter station die bliken, der ried ek gjin trein mear nei Grins.

(passage op blz. 64)
In dezelfde winter proberen een koemelker en een schipper bij het hardrijden een akkoordje te sluiten: ‘Parte? ik ferdom it te parten,’ seit de skipper njonken my oan’e streek op it Rak fan Ungemak by Aldskou. ‘It is in bytsje nimmen en in bytsje jaan, myn leave jonge. As ik ien kear mear as fiifentwintich gûne win, moat ik rûnom foar fol stean. Wy parte, en do de priis.’ ‘Ik bin oan in pear nije swurden ta. Do kinst barste,’ seit de skipper. ‘En ik wol in geryflik boerespultsje hiere. Do kinst ek barste,’ sis ik. It giet op libben en dea. Yn fiif lopen ha ‘k de skipper der ûnder. ‘No hast allinne mar in suterige preemje, sûch!’ Ik mòàt it de skipper neitiid eventsjes om ‘e noas wriuwe. ‘Ik stean der foar,’ himet er, ‘ik far gewoan noch in jier troch mei de âlde swurden.’ ‘O bliksem,’ seit Styn in deimennich letter, ‘do hast dy dêr ûnder Jirnsum yn’t grutte spul riden.’ ‘Ik stean der foar,’ moat ik de skipper neisizze.

(passage op blz. 249)
Een al wat ouder echtpaar maakt een lange schaatstocht. De man vind het zo langzamerhand wel genoeg: It waard kâlder. No en dan waard ik huverich. ‘Kom,’ sei ‘k, ‘wy geane de Kromme Grou oer nei Jirnsum. Foar de Syl kinst de Moezel op, dat is de feart nei Friens. Klaas en Lipkje binne fêst thús.’ ‘Klaas moat melke,’ sei er, ‘syn jonges wolle mei sok waar ek wol ris frij.’ Mar hy gyng troch de wyn. Ik hie ‘m yn ‘e skjirre, hy skytskoarre sa njonkenlytsen knap tsjin nije inisjativen oan. Ik sette de streek der mar ris yn. No en dan besocht ik him te triuwen. ‘Toemar,’ sei er koart. Hy bleau oars lang goed. De Moezel wie net mear te beriden, sa die bliken. Dit waard te healwiis, dat ik sloech foar om mar troch te riden de kant fan ‘e Aldeskou op. Dat gyng oan.

“It poadiumbeest” – Bouke van der Hem
ISBN 90-73554-007-6, uitgave 2005, blz. 43/44.

Goed, se wienen even ferrifele troch meneuvers fan dy oerjierrige Folkswein en koenen pas op de strjitwei swaaie. Ek al ha Opels de namme wat slop te wêzen, se sieten der al rillegau wer achter. Gewoan ôfwachtsje watfoar flechtrûte dy stedsjers no wer keazen. Yn Raerd kar by’t soad: Flânsum, Jirnsum, wer rjochting de Dille of Tsienzerbuorren, faaks fierder de Legeaën yn nei Poppenwier, witwersanne; de hearen beseagen it mar. In frjemd koe fansels noait syn paad in it labyrint fan mooglikheden fine sa’t sy dat koenen.

“Mozayk fan in libben – Rink van der Velde” einredaksje Pieter de Groot
ISBN 90-330-1151-4, uitgave 2003, blz. 112

Het boek De Fûke van Rink van der Velde werd ook een succes als toneelstuk: Yn 1985, by de fjirtchste betinking fan de befrijing kriget ‘De Middelhikke’ fan Jirnsum fan de skriuwer it rjocht it stik op te fieren. Nei ôfrin dûnsjen mei it duo ‘Nooitgedacht’.

“Ioana” door Ulke Brolsma
ISBN 90 330 1230 8, uitgave 2001, blz. 12 en 25

Een van de verhalen in dit boek speelt tijdens de aanleg van de spoorweg van Heerenveen naar Leeuwarden: “Dy nacht gongen se by Jirnsum om op Grou ta. Dêr stiene de fiif grutte lompe loadsen, de barakken.” Het tweede fragment: “Se wiene krekt weropm fan it wurk. Guon mannen dangelen dochs noch wat bûten om. De lucht yn de barakken wie net bepaald fris. Mar de kjeld… Jean hearde oft it yn ‘e fierte tongere. Hy woe krekt in stik bôle snije, mar hy lei syn knyft del en seach de kant nei Jirnsum út. It wiene hynders en net ien of twa. Ynienen giselen de mannen yn harren blauwe unifoarmen om it kamp hinne. Se wiene net allinnich. Yn ‘e fierte kaam in keppel soldaten en plysjes tichterby. Alles waard ôfsletten, nimmen koe mear in kant út.”

“Herinneringen van een Friese landarbeider” door Imke Klaver
ISBN 90-616-8655-5, uitgave 1999, 2e druk, blz. 43

Dit verhaal speelt zich af rond 1900, toen arbeiders vanuit Bontebok, voor hun eigen koeien, hooi gingen halen uit de omgeving van Langweer: “De bedoeling was dat we op zaterdag weer met alvast een vracht hooi naar huis zouden gaan, maar het werk liep toen zo goed, dat als we de zondag zouden blijven, we maandag het laatste hooi konden laden en het allemaal tegelijk konden meenemen. Maar omdat wij de zondag overbleven, was de foerage ook niet aangevuld en was er ’s maandags niet zo heel veel meer voorradig. Het middagmaal was al wat karig en toen wij in de loop van de middag met ons zessen met een schip en twee pramen op weg gingen, was onze hoop op de bakker van Oppenhuizen gevestigd. We moesten met z’n allen bomen, maar we troffen goed weer en toen we in Oppenhuizen aan de wal gingen om eens goed te eten, moesten ze ons daar nee verkopen. De bakkers waren uitverkocht. Naar Sneek lopen was wat ver en er werd gesuggereerd om maar op Terhorne aan te gaan, het Sneekermeer over. Zodat we om een uur of acht het meer opgingen. Mijn broer Roel en ikzelf, die de weg moesten wijzen, voorop en de beide pramen, alles zonder licht, er achteraan. Het werd al gauw zo donker dat we niets meer van de betonning konden zien en we wel eens uit de koers raakten. Soms voeren we op Terzool aan, dan weer op Terkaple. Mijn broer zag de verlichting van de weg van Terhorne naar Terkaple aan voor de lichten van Irnsum. Om goed elf uur hadden we de sluis van Terhorne gehad. De brugwachter liet ons nog door, zodat we om elf uur in de Zandsloot lagen. We hadden honger als een wolf. De bakker, die natuurlijk als in bed lag, werd eruit geklopt en hij was zo genadig ons nog aan brood te willen helpen. Toen snel het hooi in, want het zou gauw weer dag zijn en als het wilde lukken moesten we om één uur voor het schutten in Bontebok zijn.”

“It doarp fan Anne” door Jant Visser-Bakker
ISBN 90 6570 223 7, uitgave 1991, blz. 88

Herinneringen uit het dorp Akkrum in de beginjaren van de 20e eeuw. Dit fragment speelde zich af rond 1920: “Op ‘e reizen nei Ljouwert kaam hieltyd in jong feint har efterop. De earste kear kaam er goed fan pas, doe siet Anne fêst efter in keppel kij. Har lessen wiene altyd op tongersdei en dan wiene der ek ivich kij ûnderweis mei in pear driuwers der efter. En dan wie ’t in heikerwei om dêr mei de fyts troch te kommen. As se dy swart-wite liven yn ‘e fierte seach, skeat it har al yn ‘e fuotten. Sadwaande wie doe dy jongfeint tige wolkom. Mar hy wie der alle wiken wer. Hy wachte har op en fytste in ein mei. Praat hiene se suver net, want Anne hie gjin ferstân fan praat mei jonges. En hy wie ek net sa praatsk, hy wist neat fan boeken en wêr moasten se dan oer prate? Faak gie Anne ûnderweis yn Jirnsum even oan by in kunde en dan rekke se him moai kwyt. Mar it slagge net altyd. En doe stie er ris wer te wachtsjen, krekt bûten Jirnsum. Anne hie har nocht, se stapte ôf en kearde om. Doe is se noch in ein nei Grou út fytst. Fan Grou ôf koe se ek thúskomme. Mar dat wie wol gâns in ein om, in nije dyk lâns. De jonge wie der letter net mear.”

“Taast yn it ferline” troch Th. Kuiper
ISBN 90 6553 099 1, uitgave 1990, blz. 133

Familiehistorie van Sipke Durks Dykstra, boer in de Lege Gean in de 19e eeuw. Toen hij weduwnaar kwamen er achtereenvolgens een aantal huishoudsters op de boerderij: “Miskien waard heit ek wat mylder, om’t se it no sa goed troffen hiene mei de nije faam, dy’t sûnt maaie by harren tahold. Tjitske Elsing hjitte se en se kaam út Jirnsum. Hiet hier it net better treffe kind, sei er.” Later werd Tjitske Elsing (1853-1922), die 22 jaar jonger was, de tweede echtgenote van Sipke Durks. Hun huwelijk bleef kinderloos. Tweede fragment: “Der waard gjin brulloft holden, mar de famylje kaam wol efkes del om in bakje kofje en in slokje yn ‘e opkeamer. Dêr wiene ek de twa susters fan Tjitske by: Oanskje en Akke.” Deze Akke Elsing trouwde in 1886 met Sanne Sipkes Dykstra.

“De bêste fryske ferhalen” door Rink van der Velde
ISBN 90-330-0181-0, uitgave 1987, 1e druk, blz. 10

In de winter van 1940 kwamen drie bestuursleden van een ijsclub terug uit Leeuwarden, waar ze bij Copini voor een scherp prijsje horloges en medailles voor een wedstrijd hadden gekocht: Even yn Ljouwert oanstutsen fansels, want wy hienen de tiid oan ússels en doe de redens mar wêr ûnder. Yn Jirnsum sei Durk de Vries, dy wie doe penningmeester, hy sei: Wy ha hjoed foar de feriening aardich jild fertsjinne en dêr keapje wy ien fan. Ik hie leaver trochride wold, mar Foeke sei: Dan kinne wy it yn de herberch fuort even bekend meitsje, dat wy moarn hurdriden ha. Wa wit komt der noch in goede rider op ôf. Dat dienen wy en ik gyng even op’e stoel stean en rôp om, dat der moarn, 2 jannewaris, hurdriden wie op’e Gordyk. Prizen horloazjes en medaljes. Ik liet se fansels even sjen. Wy kochten in spantsje en doe wer fierderop nei Aldeskou. Even bekend meistsje, sei Foeke, dat wy stutsen nochris oan, ik makke it bekend en wy kochten elk wer twa. No wit ik net krekt hoefolle herbergen der yndertiid tusken Jirnsum, Akkrum, Boarn en sa nei Terwispel stienen, mar der wienen frij wat. En elke kear as wy der oan ta wienen, rôpen Foeke en Durk dat wy it even bekend meitsje moasten.

“Kening op sokken” door Hylke Speerstra
ISBN 90-330-0160-8, uitgave 1983, blz. 144/145

Uit het relaas van een PC-kaatser, tevens havenarbeider in Harlingen: Ik ha yn myn libben genôch skiepfleis sjoen. En beamstammen. Wy ha ús de skonken hast brutsen oer de beamstammen. Likegoed hie ‘k de triennen yn ’e eagen doe’t de houtboaten fan Harns yn de fyftiger jierren rjochtstreeks nei it houtfabryk fan Halbertsma yn Grou fearen. Dat wie doe’t it grutskipfarwetter yn ‘e provinsje der troch wie. It sil my noait ferjitte hoe’t ik op in moarn mei Klaas op de bus nei Grou stapte. Dêr moasten wy losse. Wy stiene al yn Jirnsum doe hie er noch noait in bek iepen dien. Ik seach him ris fan siden oan. Hy stoarre ta ’t rút út. Doe pakte ik him by de kop en sei: ‘Do bist dochs net fan ‘e kaart om sa’n goare rotboat fol hout?’ ‘It is noch folle slimmer, Spiker. Dit is it begjin fan de ein fan ús âld rothaven.’

“De blikken brulloft” door Hylke Speerstra
ISBN 90-330-0146-2, uitgave 1981, blz. 31

Het verhaal speelt zich af rond 1914, als paardenkooplieden elkaar sterke verhalen vertellen in de herberg van Littens, tijdens de kermis: De grouwe Jirnsumer mei ’t ôfwaaid praat sloech de mûle der wer yn. Hy fertelde dat it ûntefreden wiif fan in hynstehâlder ûnder Frentsjer tsjin har man lêbe: “Us âld hynst docht it noch altyd mei faasje, mar it hat der mei dy sa njonkenlytsen wol oan.” Doe sei de hynstehâlder fyntsjes dat de hynst alle dagen in frissenien krige en hy him al jierren behelpe moast mei ien en deselde.

“Heil om seil – Skippersforhalen” door Hylke Speerstra
3e druk, uitgave 1973, blz. 63 en 67

Het verhaal gaat over Wiebe Minderts Peekema (1882-1968), die vertelt over zijn grootvader: No wie pake Wibe ek al in bjusterbaerlike skipper. Wibe Minderts waerd in 1820 berne op’e Jirnsumersyl en naem 20 jier letter ûnder elke earm in sek moal fan hûndert poun. Dan wie’t noch net út; yn’e rin wei grypte er ek noch yn elke hân ien. Mei dyselde hannen as slaijen goaide pake Wibe ris seis man ien foar ien oer in mansel hege hage.

(Passage op blz. 67)
Dêr leine wy; midden yn in sé fan wetter en it waer soe’t net skikke. Wy binne beide efteryn lizzen gien en joegen ús del. It wetter klitste mei bakfollen tusken de swurden troch, mar wy ha slept as in baerch. ‘Dit waer sit forkeard aerd yn’, bromde heit de oare moarns en bakte fjouwer aeijen. ‘It hoecht dy noch net yn to baernen’, sei er kalm, ‘as wy moandeitomiddei mar tagelyk mei Boorsma fan Jirnsum yn Snits binne’.
Naschrift: Boorsma was de Irnsumer beurtschipper, die een dienstregeling op Sneek en Leeuwarden onderhield.

“Fluit en doedelsek – Unbekend frysk wurk fan J.H. Halbertsma”
Fryske Akademy nr. 395, Kalma en Poortinga, uitgave 1971

Dit fragment komt uit “De stûke” een verhaal uit 1840 dat Joost Halbertsma (woonachtig te Deventer) opdroeg aan mr. J.W. de Crane te Franeker. In dit stukje noemt hij de nieuwe straatweg van Heerenveen naar Leeuwarden, die in 1827 werd aangelegd, en de plannen voor nog meer verharde wegen.

(passage op blz. 47)
Nou der iepening mei de strjitwei fan dizze kant yn Fryslân is geane der yn sommige wiken mear frjemden yn Fryslân as oars yn in jier. Yn ‘e winter wie it troch de Haskerdiken net mûlk om mei ien (?) der yn to kommen. It wie mei greate muoite dat de post der mei hynzer en al net yn stykjen bleau.
Mar net allinne dat der hearbaen fan bûten op de haedstêd fan Fryslân leit, en men dus eltse dei fan it jier nou yn it lân op rinne kin, ek fan binnen sille se ommers nou de ôfgelegenste punten tagonkelik meitse. Der komt in wei fan Snits op Jirnsum en op de Ljemmer. Dy op Jirnsum lei min of mear oan de wei, mar dy op de Ljemmer rint troch leechlân en petten, dêr men earder hinne swomme as gean koe.